Social media

Zoeken

Fakatuere konsultant/tapast ûndersiker

Bisto ús nije konsultant/tapast ûndersiker?

‘De minske as maat’, dat is de slogan fan Partoer en dêr wurkje wy oan en foar. We leverje maatwurk yn it brede fjild fan leefberens, sosjaal domein, kultuer en ûnderwiis yn Fryslân. We wurkje oan ynsjoch, oan gearwurking en oan partisipaasje fan elkenien. Dêryn sit ek ús fisy: ynsjoch soarget foar in lykweardich spylfjild foar oerheid, ynwenners en organisaasjes om mei-inoar te kommen ta paden dêr’t Fryslân de takomst mei yn kin.

Partoer is in hecht team dat bestiet út ûndersikers en konsultants, elk mei eigen kwaliteiten en ûnderfining. It team giet foar it resultaat, mar altyd tegearre mei de opdrachtjouwer. De minsken fan Partoer binne fan: ‘we strûpe de mouwen op’ en wurkje neffens it prinsipe ‘ôfspraak is ôfspraak’. Wy wurkje dêrby yntinsyf gear mei ús kollega’s fan Breuer&Intraval yn Grins.

Wa sykje wy?

·       Do kinst tapast ûndersyk útfiere, û.o. fragelisten programmearje en analysearje, (groeps)ynterviews dwaan en ferwurkje en wurkest maklik mei ferskillende databoarnen.

·       Do hast kennis fan ien of meardere relevante tema’s fan Partoer.

·       Do skriuwst en presintearrest maklik en rjochte op de klant.

·       Do bist ûndernimmend, sjochst kânsen en fynst it ynteressant om útdagings fan klanten oer te setten nei oplossings mei mearwearde.

·       Do bist in teamspiler, dielst ynformaasje mei kollega’s en draachst by oan de resultaten fan oaren.

·       Do hâldst sels maat, dat wol sizze: do kinst goed planne en selsstannich en resultaatrjochte wurkje.

·       Doe hast akademysk wurk- en tinknivo en ek it fermogen om dat oer te bringen nei de praktyk.

·       Do wolst graach 28-32 oeren wyks wurkje en bist fleksibel as it giet om mear of minder drokte en jûnswurk.

·       In oantal jierren ûnderfining is een pree.

·       Do kinst Frysk lêze, ferstean en prate, ast it ek skriuwe kinst, is dat in pree.

·       Do hast in rydbewiis en eigen auto.

En dêrneist binne wy fansels hiel benijd nei dyn ynbring yn ús team.

Wat biede wy?

Wurkest by Partoer, dan wurkest by in ynformele organisaasje dy’t de meiwurkers sintraal stelt. Wy fine in ûntwikkeljen fan kennis, koarte linen en persoanlike begelieding wichtich en helpe dy graach by it wiermeitsjen fan dyn ambysjes. Wy biede dy in plak yn in hecht team mei in ‘skouders-derûnder’-mentaliteit dêr’t in soad romte is foar inisjatyf, fleksibiliteit, selsstannigens en fansels ek in soad wille.

Wy biede in kontrakt foar bepaalde tiid, mar wy binne ús der ek tige fan bewust dat it coronafirus ek syn ympakt hat op ús opdrachten en bedriuw. It kin barre dat dizze fakatuere oanpast wurde moat op basis fan de aktuele ûntjouwings.

Ynteresse?

Bist do in oanwinst foar ús team? Stjoer dan uterlik 2 maart 2021 dyn motivaasje en cv nei Marjolein Strampel: mstrampel@partoer.nl.

Foar ynhâldlike fragen oer de funksje kinst belje mei Jitske Algra, 06 11 69 43 08. Foar fragen oer de sollisitaasjeproseduere kinst belje mei Marjolein Strampel, 06-27836006.

Foar mear ynformaasje oer ús en ús wurk, sjoch op ús websiden: www.partoer.nl en www.breuerintraval.nl.

--------------------------------------------------------------------------------

Ben jij onze nieuwe toegepast onderzoeker en consultant?

De mens als maat, dat is de slogan van Partoer en daar werken we aan en voor. We leveren maatwerk in het brede veld van leefbaarheid, sociaal domein, cultuur en onderwijs in Fryslân. We werken aan inzicht, aan samenwerking en aan participatie van iedereen. Daarin zit ook onze visie: inzicht creëert een gelijk speelveld voor overheid, inwoners en organisaties om zo samen tot keuzes te komen waarmee Fryslân de toekomst in kan.

We werken intensief samen met onze collega’s van Breuer&Intraval in Groningen.

Partoer: een hecht team, bestaande uit onderzoekers en consultants, met ieder eigen kwaliteiten en ervaring. Een resultaatgericht team dat graag met elkaar en de klant, aan de beste oplossingen werkt. We hebben een ‘hands on mentaliteit’ en leveren altijd volgens afspraak.

Wie zoeken wij?

·       Je kunt toegepast onderzoek uitvoeren, o.a. vragenlijsten programmeren en analyseren, (groeps)interviews doen en verwerken en werkt makkelijk met verschillende databronnen

·       Je hebt kennis van één of meerdere relevante thema’s van Partoer

·       Je schrijft en presenteert makkelijk en klantgericht

·       Je bent ondernemend, ziet kansen en vindt het interessant om uitdagingen van klanten te vertalen naar oplossingen met meerwaarde

·       Je bent een teamspeler, deelt informatie met collega’s en draagt bij aan de resultaten van anderen

·       Je houdt zelf maat, dat wil zeggen je kunt goed plannen en werkt zelfstandig en resultaatgericht

.      Je hebt academisch werk- en denkniveau en ook het vermogen om de vertaalslag naar de praktijk te maken

·       Je wilt graag 28-32 uur per week werken en je bent flexibel als het gaat om pieken en dalen en avondklussen

.       Een aantal jaar ervaring is een pré

·       Je leest, verstaat en spreekt Fries en als je Fries kunt schrijven, is dat een pré

.       Het hebben van een rijbewijs en een auto is een vereiste

Verder zijn we benieuwd waarmee je ons team kunt versterken.

Wat bieden wij?

Werk je bij Partoer, dan werk je bij een informele organisatie die zijn medewerkers centraal stelt. We vinden kennisontwikkeling, korte lijnen en persoonlijke begeleiding belangrijk en helpen je graag bij het waarmaken van jouw ambities. Daarnaast bieden wij jou een plek binnen een hecht team met een no nonsens mentaliteit waar veel ruimte is voor initiatief, afwisseling, flexibiliteit, zelfstandigheid en uiteraard ook veel plezier.

Wij bieden een contract voor bepaalde tijd. Ondertussen zijn we ons er terdege van bewust dat het Coronavirus ook zijn impact heeft op onze opdrachten en bedrijf. Het kan voorkomen dat deze vacature wordt aangepast op basis van actuele ontwikkelingen.

Interesse?

Ben jij een aanwinst voor ons team? Stuur dan uiterlijk 2 maart 2021 je motivatie en cv naar Marjolein Strampel; mstrampel@partoer.nl.

Voor inhoudelijke vragen over de functie kun je telefonisch contact opnemen met Jitske Algra, 06 11 69 43 08. Voor vragen over de sollicitatieprocedure kun je telefonisch contact opnemen met Marjolein Strampel, 06-27836006.

Voor meer informatie over ons, kijk op onze website: www.partoer.nl en www.breuerintraval.nl.

Ander nieuws